Proeftún-oanpak docht fertuten

Fryske finzenen wurde yn de finzenis al goed taret om werom te kommen yn de maatskippij. De Penitentiaire Inrichting yn Ljouwert hat hjir ôfspraken oer makke mei tal fan Fryske organisaasjes lykas gemeenten, GGZ, Empatec, Zienn, Mee Friesland en ferslavingssoarch. It giet om it oplossen fan problemen en ek om it sykjen fan wenromte en wurk. It doel fan dizze proeftún-oanpak is om de kâns op nije strafbere feiten folle lytser te meitsjen. De earste resultaten binne bemoedigjend. De Ljouwerter finzenis wol ek trochgean mei de proeftún-oanpak.
No begiet noch sa'n 50 prosint fan de eardere finzenen in nij strafber feit. De nije oanpak moat der ta liede dat dit persintaazje omleech giet nei 25 prosint. Dêrnjonken sil ek de finzenis fan Grins der mei oan de slach. Yn de Ljouwerter finzenis komt yn trochsneed sa'n 50 persint fan de finzenen út Fryslân. De nije oanpak is yn it foarste plak bedoeld foar finzenen út de eigen regio dy't in net al te lange straf útsitte.