Kafee Bebida's mei wer iepen

03 sep 2014 - 15:55

Yn kafee Bebida's yn Ljouwert wurde gjin fjoershows mear hâlden. Dêrtroch mei it kafee woansdeitejûn wer iepen. Bebida's hat mear as in wike ticht west nei't in besiker ferline wike ferwûne rekke by in brânynsidint mei fjoer op de bar. Boargemaster Ferd Crone liet fuort de doarren fan it kafee slute.

De eksploitant hat no in feiligensplan opsteld om werhelling fan it ynsidint foar te kommen. It plan is foarlein oan de gemeente en goedkard.

Trefwurden: 
Ljouwert kafee Bebida's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)