Jonges pakke ynbrekker

03 sep 2014 - 13:56
  • Ynbraak

Yn Ljouwert binne tiisdeitejûn trije dieven betrape doe't se ynbrekke woenen yn in hûs oan de Fonteinstrjitte. De bewenners troffen ien jonge yn it hûs oan doe't se thúskamen. Fuort dêrnei seagen se trije jonges fuortdraven. De bewenners betochten harren net en setten de achterfolging yn. Ien fan de ynbrekkers krigen se te pakken.

De plysje hâlde dizze 18-jierrige fertochte út Ljouwert oan. De oare jonges binne net fûn. Ut de wenning wie in beurs stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)