Plysjes bedrige mei mes
Twa plysjes binne tiisdeitejûn yn Beetstersweach slim bedrige. In 26-jierrige bewenner fan in klinyk foar minsken mei in ferstanlike beheining bedrige oare bewenners en personiel, ûnder oare mei messen. Se krigen de man net mear ûnder kontrôle en dêrom wie de plysje ynskeakele. De man bedrige ek de plysjes mei in mes, se koene noch krekt op 'e tiid yn de auto komme. De man sloech mei it mes it foarrút fan de auto stikken. Uteinlik krigen se de man ûnder kontrôle. Hy is oerbrocht nei it buro. De plysjes hawwe oanjefte dien.