Kommunikaasje ANNO moat better

Deputearre Johannes Kramer wol better kommunisearje mei de gemeenten dy't ferbûn binne oan it ANNO-projekt. Yn dat projekt wurket de provinsje gear mei de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Tytsjerksteradiel. Doel is om projekten te finansieren, dy't de leefberheid yn dy gebieten befoarderje.
Ut in evaluaasje troch in advysburo komt nei foaren dat de gearwurking en kommunikaasje tusken de provinsje en de gemeenten better moat.
Steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie hat dêroer skriftlike fragen steld oan deputearre Kramer. Hy wol ûnder oare witte wêrom't de deputearre neat docht mei de kritykpunten op de provinsje, om't it rapport al yn jannewaris 2014 klear wie. Boppedat wol de fraksje witte wêrom't de Steaten net earder op de hichte steld binne fan de resultaten. Kramer seit dat de útkomsten earst mei de gemeenten sels bepraat binne. De steatefraksjes wurde dizze wike op de hichte steld fan it advysrapport.