Koudum wol mear toeristen

03 sep 2014 - 12:43

It nije Havenkertier yn Koudum moat mear toeristen nei it doarp helje. Yn it sintrum is woansdei begûn mei de oanlis fan it gebiet. Neist in nije haven komme der 28 nije wenningen, dy't oan it wetter lizze.

Koudum hat no ek wol in haven, mar dy leit grôtfol mei boaten fan Koudumers. Yn de nije haven komt ek plak foar passanten. It Havenkertier is neffens it doarp en de gemeente fan grut belang foar de leefberens. Foar alve wenningen is al konkrete belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)