Keatsers winne brûns op WK
De trije Fryske keatsers Marten Feenstra, Tjisse Steenstra en Kees van der Schoot, dy't foar Nederlân op it WK yn Spanje spylje, ha tiisdei in brûnzen medalje wûn. Op it ûnderdiel Escala i Corda wûn it partoer fan Frankryk mei 10-5.
Yn de heale finale hie Nederlân ferlern fan Spanje, dy't letter wrâldkampioen waard.
De KNKB hat in ferslach fan de wedstriid makke.