Frisia mei ûnder Waadsee winne

Sâltprodusint Frisia mei sâlt winne ûnder de Waadsee. Dat hat steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken de Twadde Keamer woansdei witte litten. It ministearje sil Frisia dêrfoar in fergunning jaan. Frisia wol fan 2021 ôf sâlt winne út de boaiem fan de Waadsee.
Natoerorganisaasjes hawwe har dêr de ôfrûne jierren bot tsjin fersetten, omdat se bang binne dat de boaiem ynklinke sil. Gefolch dêrfan kin wêze dat de sânplaten net mear boppe wetter komme te lizzen. Dizze platen binne belangrike itensgebieten foar tûzenen trekfûgels.
Neffens de steatssekretaris sil bygelyks de Ballastplaat net ynklinke, mar wol trager oangroeie. Neffens Frisia is goed ûndersocht dat de effekten op de sânplaten beheind bliuwe, boppedat moatte se by it sâltwinnen hieltyd rapportearje oan in spesjale kommisje. Frisia Sâlt is al seis jier dwaande mei de plannen foar sâltwinning yn de Waadsee. Alle jierren sil in miljoen ton sâlt wûn wurde út fjouwer putten, trije kilometer út de kust. It past yn de plannen om minder sâlt op it lân en mear yn de see te winnen.