Psy-Fi past net yn plannen KH

03 sep 2014 - 10:18

De organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 distansjearret him fan it festival Psy-Fi yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert. Neffens in wurdfierder fan de Kulturele Haadstêd is it festival op ien of oare wize yn ferbân brocht mei wat der yn 2018 allegear organisearre wurde sil, mar dat kloppet net. Psy-Fi hat neat mei 2018 te krijen en past boppedat net yn de plannen fan de Kulturele Haadstêd, sa seit de wurdfierder. Psy-Fi duorre fiif dagen.

Der kamen by de gemeente 150 klachten oer lûdsoerlêst binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)