Bysûnder karwei foar Tichelaar

03 sep 2014 - 09:54

Keninklike Tichelaar Makkum hat in bysûndere opdracht krigen. It mei de tegels leverje foar de flier, de muorre en it dak fan de binnenpleats en it kafee fan it Victoria and Albert Museum yn London. It wurdt de earste binnenpleats yn Ingelân dy't tegels fan porslein krijt.

It "Exhibition Road Building Project" realisearret in grutte nije yngong oan it museum, in binnenpleats en ekstra galeryromtes foar tydlike tentoanstellings. De arsjitekt hat sels kontakt socht mei Tichelaar. Begjin dit jier is de bou begûn, yn 2017 moat it klear wêze.

Tichelaar is ek benadere troch in oannimmer út it Arabyske lân Katar, om foar in appartmintekompleks keramyske sinneskermen te meitsjen. Tichelaar fiert dy opdracht út yn gearwurking mei Bakker Workum Constructiewerken B.V., dy't de stielen frames fan de sinneskermen makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)