De Pein krijt 'watch-appgroep'

02 sep 2014 - 18:27
  • Whatsapp

De Pein hat sûnt dizze wike in 'watch-appgroep'. Dit is in chatgroep op de tillefoan dêr't buertbewenners fertochte saken melde kinne. Mei dizze foarm fan buertprevinsje hopet doarpsbelang it doarp wat feiliger te meitsjen.

De wykagint út Drachten kaam mei it idee. Drachten hat al in skoft in whatsapp-groep en dat is in grut sukses. Doarpsbelang De Pein hopet foar de ein fan it jier sa'n 50 oanmeldings te hawwen foar de 'watch-appgroep'. De wykagint sels kin net meidwaan oan de groep dus dielnimmers moatte by spoed wol sels de plysje belje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)