Farferbining Snits kompleet

Súdwest-Fryslân kin los mei de oanlis fan it lêste stikje fan de farferbining yn Snits. It giet om it gebiet tusken De Geau en de Wâldfeart. Mei de oanlis fan de A7 troch Snits wie mei de provinsje en it Ryk ôfpraat dat der by alle ynfalsdiken yn Snits in wettergong komme soe. Op dizze wize wurdt dúdlik makke dat Snits in wetterstêd is.
De farferbining tusken De Geau en de Wâldfeart moat yn de simmer fan 2015 klear wêze.