Ploumen nei Milenniumfestival

02 sep 2014 - 16:10

Minister Lilianne Ploumen fan Bûtenlânske hannel en ûntwikkelingsgearwurking komt dit wykein nei it Milenniumfestival yn Drylts. Dêr docht sy mei oan it ûnderdiel Goednieuwsprogramma. Dit is in petear oer de fraach oft wy noch wol yn de meast fredige tiid libje. It Milenniumfestival hat dit jier in jubileum, it is de tsiende edysje.

Op it festival wurdt omtinken jûn oan de acht milenniumdoelen fan de Feriene Naasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)