Keallen moatte toch romme

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De 4000 keallen fan boer Chris Naalden moatte romme wurde. Dit hat it Kolleezje fan Berop foar it bedriuwslibben tiisdei útsprutsen. Keallemester Naalden syn keallen stean yn Stynsgea en Bant. It bedriuw siet sûnt begjin augustus op slot omdat de keallen feefoer mei it ferbeane antibioatikum furazolidon fretten hawwe. It middel wie ek oantroffen yn meunsters dy't by de keallen ôfnaam binne. Der koe noch in tsjinûndersyk útfierd wurde, mar hjir hat de keallemester gjin gebrûk fan makke.
No't it ferbeane middel yn mear as de helte fan de meunsters fan de keallen fûn is moatte alle keallen ferneatige wurde.