18 moanne sel foar berôvings

© Omrop Fryslân
Tsjin in 23-jierrige man út Ljouwert is tiisdeitemoarn foar de rjochtbank in finzenisstraf fan 18 moannen easke en ferplichte klinyske opname yn in sletten ynrjochting. De Ljouwerter wurdt fertocht fan in grut oantal berôvings tusken 2012 en 2014 fan fytsende froulju yn Ljouwert en omkriten.
Boppedat soe hy de slachtoffers seksueel betaaste ha mei inkele pogingen ta ferkrêfting. Neffens de offisier makket benammen dit lêste aspekt fan de oerfallen in ferplichte behanneling fan de man needsaaklik. De útspraak is op 16 septimber.