Plysje siket pinpas-dief

© ANP
De plysje ûndersiket de stellerij fan in pinpas fan in 81-jierrige man út Ljouwert. De man ûntduts de stellerij pas let en tsjin dy tiid hat de dieder, wierskynlik in frou, al op meardere plakken mei de pinpas jild opnaam. Dat die sy ûnder oare yn Ljouwert, It Hearrenfean, Enschede, Arnhem, Wezep en it Dútske Gronau.
De plysje hat foto's fan de fertochte op de webside pleatst.