Fryske muzyk yn Eastenryk 2

02 sep 2014 - 16:00

Fan 1 oant 5 septimber folget Omrop Fryslân in bus fol echte Fryske muzykfans. De 40 âldere jongeren reizigje yn it televyzjeprogramma 'Fryske muzyk yn Eastenryk' achter harren idoalen oan nei Westendorf yn Eastenryk foar optredens fan Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. Tiisdei op Omrop Fryslân TV it twadde diel.

Harm en Afke Wijnia komme fan Boalsert en binne foar it earst mei op in busreis. Eartiids fleagen se de wrâld oer. Mar omdat Harm in harsenblieding hân hat, doarre se net mear fier fuort mei it fleantúch. Dochs ha se de wille yn it libben net ferlern. Ek ûnder it tripke nei Salzburg, de bertestêd fan Mozart, kinne se it net litte en dûnsje se der op los.

Jaap Louwes en Gurbe Douwstra fertelle wat se mei klassike muzyk ha en wat de takomstplannen binne. Anneke Douma ferdwaalt yn Salzburg en jout Griet Wiersma dêr de skuld fan.

Sjoch hjir no al it twadde diel fan 'Fryske muzyk yn Eastenryk'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)