Basisskoalle Ljouwert ûntromme

© ANP
De Koningin Wilhelminaskoalle yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn koart ûntromme west. Elk moast de skoalle ferlitte, omdat der in frjemde lucht hong. De skoallieding fertroude it net en stjoerde elkenien nei bûten.
De brânwacht is oproppen, mar koe fuortendaliks werom nei de kazerne. In monteur hie in pear dagen lyn in lyts lek yn de gaslieding fûn, mar dat wie noch net makke. Dat lek wurdt no sa gau mooglik tichtmakke.