Mear meldingen diskriminaasje

Yn Fryslân is it tal klachten oer diskriminaasje mear as trije kear safolle. Yn 2013 binne der 61 klachten binnen kaam, oant 1 septimber 2014 binne it der al 204. Dat docht bliken út sifers fan it antydiskriminaasjeburo Tûmba.
De groei yn it tal klachten hat benammen te krijen mei de oprop om oanjefte te dwaan nei in útspraak fan PVV lieder Geert Wilders by de ferkiezings yn maart. Hy frege doe oan syn publyk oft se mear of minder Marokkanen yn Den Haach en Nederlân woenen. De seal skandearde doe: "minder, minder, minder".