Adopsje winkel tsjin leechstân

02 sep 2014 - 08:00

De provinsje moat in winkel yn de Midstrjitte op De Jouwer foar in jier adoptearje. Dat fynt de steatefraksje Friese Koers. Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra wol hjirmei de leechstân fan winkels op De Jouwer oanpakke. 'De provinsje jout miljoenen út om mear toeristen nei Fryslân te lûken, mar dy toeristen krije hieltyd faker winkelstrjitten te sjen dêr't in soad gebouwen leech stean', sa seit er.

As de provinsje de winkel yn de Midstrjitte hiert dan kinne fan dêrút aktiviteiten hâlden wurde dy't te krijen ha mei leechstân.

Yn de takomst moat ek op in oar plak yn Fryslân troch de provinsje in leechsteande winkel adoptearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)