Gjin transfers mear

Sportklup Hearrenfean en SC Cambuur ha de lêste oeren fan de transferperioade ôfsletten sûnder transfers. Hearrenfean hat fan 'e middei noch yn petear west mei de Slowaak Jakub Holúbek. Hearrenfean en syn klup AS Trencin hiene in akkoart, mar de Slowaak en Hearrenfean kamen der net út.
Cambuur hat fan 'e middei noch de Poalsk jeugdynternasjonal Sebastian Steblecki oanlutsen. Dêrmei komt it oantal nije spilers by Cambuur op tolve. Neffens technysk manager Marcel Keizer wiene de lêste oeren rêstich.
Cambuur sil noch wol op syk nei in oanfaller, mar dan wol yn de kategory transferfrije spilers. Keizer is bliid dat de transferperioade der op sit: "Fijn dat het twaalf uur is. Volgens mij zijn we er goed uitgekomen. We mogen daar best trots op zijn. We zijn geen Manchester United die 200 miljoen uitgeeft, maar we zitten daar net onder," sa laket Keizer.