Burgum hat syn identiteit fûn

01 sep 2014 - 22:47
  • It rapport oer identiteit fan Burgum is oanbean

De identiteit fan Burgum is sûnt moandeitejûn bekend. In wurkgroep hat mei stipe fan studinten en ûnder begelieding fan in saakkundige fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken útsocht wat de identiteit fan it doarp is. In soad Burgumers hawwe deroer meipraten. Ien wurd stiet yn dy identiteit sintraal en dat is 'nabijheid'. Dêrby hearre dan noch de saneamde kearnbegrippen 'noflik, sosjaal, beskieden, kompleet en welgelegen'. No't dit bekend is, moat it makliker wurde om in byld fan Burgum nei bûten te bringen en minsken oan te lûken.

Dêryn ha de Burgumers sels in wichtige rol, Sy moatte grutsker wêze op harren doarp en dat ek útdrage.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)