Bonny & Clyde foar de rjochter

It kriminele duo Antonio van der P. út de Harkema en syn freondinne Enise B. stean tiisdei foar de rjochter yn Assen. It giet om in saneamde pro-forma sitting. It duo waard op 26 febrewaris yn Dútslân oanhâlden nei in dagenlange klopjacht troch de plysje. De achterfolging brocht de twa fia Ychten, Meppel en Enschede nei Dútslân, dêr't se pakt waarden yn in hotel. Bonny and Clyde, sa't it duo yn de parse neamd waard, ûntfierde in frou, gizele in man en skeaten in man del. Ferline wike hawwe se foar in grut part bekend.