Sjauffeurs oer nei Klomp

01 sep 2014 - 21:02

Der binne op it lêste momint toch tsientallen ûntsleine sjauffeurs oergongen fan Taxi Oenema en Witteveen nei Taxi Klomp. Dat seit Andries van den Berg fan it fakbûn FNV oer de affêre mei it pasjinteferfierskontrakt foar soarchorganisaasje Alliade. Dat kontrakt is troch Klomp oernaam fan Oenema en Witteveen.

Der wie op rekkene dat in soad sjauffeurs fan dy beide bedriuwen meigean soene nei Klomp, mar dat barde net. Neffens Van den Berg hat Klomp tasein dat de sjauffeurs dy't oergean goeie kontrakten krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)