'Pop-up-winkel' foar goed doel

In winkel dy't mar in wike iepen is en dêrfan de winst nei it goeie doel giet, dat is it ferhaal fan pop-up winkel Loss yn Ljouwert. It goede doel is it Trimbos-ynstitút dat jild garret om in spesjale app te meitsjen foar minsken dy't te meitsjen hân hawwe mei swangerskips-ferlies. Nei in miskream of it ferstjerren fan de poppe by, of flak nei de berte, soe sa'n app helpe kinne. It is bedoeld as kombinaasje fan technology en emoasje om fearkrêftiger te wurden en psychyske klachten foar te kommen.
De winkel is noch iepen oant en mei sneon 6 septimber en te finen op de Voorstreek 38 yn Ljouwert.