LTO: 'Bermen faker meane'

Boere-organisaasje LTO-Noord wol dat Rykswettersteat werom komt op har beslút om bermen minder te meanen en sleatten minder te hekkeljen. Neffens LTO is it gefolch fan it minder meanen dat der mear sied fan skealike planten yn it boerelân komt, dat soarget bygelyks foar mear stikels. Neffens de provinsjale regels is dat ferbean.
LTO en Rykswettersteat ha earder dit jier wol oerlis hân oer it meanen en hekkeljen, mar dat gie mear oer de situaasje yn Grinslân en Drinte.