'Gjin kearnôffal by Ternaard'

01 sep 2014 - 18:59
  • ChristenUnie

De steatefraksje fan de ChristenUnie is fûl tsjin de plannen om kearnôffal op te slaan yn lege sâltkoepels by Ternaard. Sy sille Deputearre Steaten fragen stelle en komme ek mei in moasje oer dit ûnderwerp. Yn de Twadde Keamer sil de ChristenUnie der ek fragen oer stelle. Neffens de partij is der noch te min bekend oer de gefolgen op lange termyn fan de opslach yn de sâltkoepels.

Ferline wike makke it dokumintaasje- en ûndersykssintrum kearnenerzjy bekend dat de sâltkoepels yn Noard-Nederlân it meast geskikt binne foar de opslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)