'Ferfier noch net op oarder'

01 sep 2014 - 16:18

Der gean noch wol in pear moannen oerhinne foardat it ferfier fan de klanten fan soarchorganisaasje Alliade folslein op oarder is. Moandei wie it smoardrok en ek wol gaoatysk. Dat seit Rienk Waaksma fan taksy Waaksma oer it ferfier fan de klanten fan Alliade.

Waaksma springt fan moandei ôf ek by op de rûtes dêr't de taksybedriuwen fan Oenema en Witteveen oant no ta rieden. Dy binne harren kontrakt mei Alliade kwyt rekke oan taksy Klomp. Alliade seit dat it oer it generaal tefreden is oer it ferfier op de earste dei fan Klomp.

Klomp hat in part fan de ritten útbestege oan de Fryske taksybedriuwen Wolters en Waaksma. Sjauffeurs fan beide bedriuwen binne bliid mei it wurk fan Klomp. Se ride no ûnder oaren fan en nei bernesintrum It Bijehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Alliade taksy Waaksma klomp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)