Jonge Poal nei Cambuur

01 sep 2014 - 13:30

SC Cambuur hat in ynternasjonal fan Jong Poalen oanlutsen. It giet om Sebastian Steblecki. Hy komt oer fan KS Cracovia. Steblecki is 22 jier en spilet benammen op it middenfjild. Steblecki is de tolfde nije oanwinst fan Cambuur.

Hearrenfeanspiler Yanic Wildschut giet definityf oer nei Middlesbrough. Hearrenfean en de Ingelske klup wiene juster al akkoart. Wildschut kaam yn de simmer fan 2013 oer en spile 22 wedstriden. Hearrenfean wol foar de ein fan de transferperioade noch ien spiler oanlûke.

De transferperioade slút moandeitejûn om 00.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)