Plak bever yn Fryslân geheim

It krekte plak is noch geheim, mar de bever is tusken Sint Nyk en Langwar sjoen. It plak wurdt geheim holden om fersteuring foar te kommen. Neffens Harrie Bosma fan de Zoogdierenvereniging is it bist ûngefear in meter grut. Bosma hopet dat de bever bliuwt, mar ielfûken binne gefaarlik. De bisten fersûpe deryn. Hjir moatte regels foar komme, seit Bosma.
Toeristen kamen de bever op it spoar en melden dat by Wetterskip Fryslân. It bist is ek al begûn mei it bouwen fan in burcht.
Der wurdt tocht dat de bever fan de Súdlaarder Mar ôf of it Kampereilân nei Fryslân ta swommen is. Neffens Bosma giet om in ien bever. In mantsje. It wachtsjen is op in wyfke.