Suksesfol seizoen lifeguards

01 sep 2014 - 12:30

De lifeguards op de Waadeilannen kinne weromsjen op in suksesfol seizoen. De simmer begûn drok yn july, mar yn augustus naam de drokte ôf fanwege it minne waar. De lifeguards hoegden dizze simmer net yn aksje te kommen foar ferdrinkingsûngelokken. Wol wienen der in soad ûngelokken mei minsken dy't bonken brutsen hienen.

Dizze wike wurdt it moai waar, dochs is der fan moandei ôf oan gjin tafersjoch mear op de eilannen, útsein op It Amelân. Willem de Vries fan de KNRM warskôget om nea allinnich te swimmen en net te djip it wetter yn te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)