Stolk iepenet stúdzjejier

01 sep 2014 - 12:05

Heechlearaar Ronald Stolk, dosint klinyske epidemiology en direkteur fan LifeLines, sil tongersdei it nije stúdzjejier fan de Senioaren Akademy iepenje. Dit bart yn de Grutte tsjerke yn Ljouwert. Yn syn lêzing sil Stolk oandacht jaan oan hoe't wy sûn âld wurde, no't wy langer trochwurkje moatte en fan de âlderein in hieltyd gruttere bydrage oan de maatskippij ferwachte wurdt.

De fraach hoe't wy sûn âlder wurde, foarmet ek de reade tried yn it ûndersyk LifeLines fan it UMCG.

De Senioaren Akademy organisearret heger ûnderwiis foar âlderein yn it noarden fan Nederlân. De akademy yn Fryslân is koppele oan Stenden Hegeskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)