Kennis studinten helpt regio

01 sep 2014 - 11:51

It Kenniswurkplak Noardeast Fryslân hat it ôfrûne skoaljier goed 370 studinten keppele oan 35 duorsume ûntwikkelingsprojekten. It doel is dat de studinten har kennis en kreativiteit ynsette foar it oplossen fan aktuele fraachstikken yn de regio. Sa joegen studinten fan it Nordwin College en Van Hall Larenstein bygelyks advys oan boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden om de minerale kringloop tusken boaiem, kij, feefoer en dong te ferbetterjen.

Dit jier is it tal studinten fan vmbo, mbo, hbo en universiteiten dat meidocht oan it Kenniswurkplak noch fierder groeid. Ek sil der in dependânse op It Amelân komme: de saneamde Waddenkampus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)