Noch gjin tsiis yn G'kleaster

01 sep 2014 - 11:01

FrieslandCampina hat de start fan de tsiisproduksje yn it fabryk fan Gerkeskleaster útsteld oant woansdei. De produksje soe moandei úteinsette, mar dat slagget net omdat it pikelbad foar de tsizen noch net hielendal skjin is. Wurdfierder Rob fan Dongen giet derfan út dat de produksje woansdei wol op gong komme sil.

It fabryk yn Gerkeskleaster is in moanne lyn troffen troch in grutte brân. In grut part fan de tsiisopslach is dêrtroch yn de jiske lei. Grutte parten fan it fabryk rûnen flinke reekskea op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)