Duo Ljouwert wol auto stelle

01 sep 2014 - 10:18

In 35-jierrige frou en in 46-jierrige man út Ljouwert binne yn de nacht fan snein op moandei oanholden op fertinking fan it stellen fan in auto. De plysje krige in melding dat it duo him fertocht gedroech by in flat oan de Ikestrjitte yn Ljouwert.

Doe't de plysje op it plak kaam, seagen se it twatal by in auto stean. De fertochten naaiden út doe't se de plysje-auto seagen. Op de Grinzerstrjitwei koenen se oanholden wurde. It duo wurdt fertocht fan in poging ta it stellen fan in auto en sit noch fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)