Omrop yn aksje foar itensbank

01 sep 2014 - 10:12

Omrop Fryslân hâldt in aksje foar de Voedselbank. Yn de wiken foar de kryst wurde sa folle mooglik itensguod ynsammele, dy't donearre wurde oan de itensbanken.

Fan moandei 8 desimber oant en mei freed 19 desimber steane de útstjoerings yn it teken fan de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. De ynsammelaksje is in gearwurking tusken alle trettjin regionale omroppen yn Nederlân. Elke omrop sil de ynsammeling op syn eigen wize dwaan. Dit sil rjochte wurde op it publyk, de eigen regio en yn gearwurking mei regionale itensbanken.

It idee foar de mienskiplike aksje ûntstie by Omroep West en by RTV Noord, dy't beide ferline jier ek in aksje foar de Voedselbank dien hawwe. Dy aksjes wienen in grut sukses. Omroep West-haadredakteur Renzo Veenstra: 'We hebben in december 2013 in negen dagen tijd ruim 20.000 cadeaus ingezameld voor mensen die in Zuid-Holland Noord onder de armoedegrens leven!' Neffens Veenstra wie dat twa kear safolle as ynskatten wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)