Fryske fiskers skoare goed

01 sep 2014 - 08:14
  • Fiskersark

Sportfisker Fokke Visser fan De Harkema is sneon twadde wurden by it NK wedstrydfiskjen. Yn Almere fiske de Harkyt in totaalgewicht fan 6237 gram byinoar, goed foar it twadde plak. De winst gong nei Theo Schillings út Limboarch.

By de earste edysje fan it Iepen Frysk kampioenskip kustfiskjen wie der in earste plak foar Klaas Leffering fan It Amelân. Mei 133 sentimenter wie Leffering de bêste. Hy krige de priis útrikt út hannen fan Rindert Procee, portefúljehâlder Seefiskjen by Sportfiskerij Fryslân. Amelanner André Kiewied waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)