Antonius suveret ôffalwetter

Steatssekretaris Wilma Mansveld iepenet moandeitemoarn in spesjale Demosite fan it Antoniussikehûs yn Snits. Dit is in testlokaasje dêr't ûndersocht wurdt hoe't it ôffalwetter fan it sikehûs suvere wurde kin. Yn dit wetter sittte faak noch resten fan medisinen en dy binne skealik foar it miljeu.
Op de Demosite wurkje de gemeente Súdwest-Fryslân, wetterynstitút Wetsus, de Antonius Soarchgroep, Wetterskip Fryslân en ynnovaasjebedriuw DeSaH gear oan de ôffalwettersuvering. De lokaasje biedt ek romte foar ûndersyk fan oare ynnovative bedriuwen.