Skip Winters giet Europa yn

31 aug 2014 - 17:18

Keunster Marten Winters sil mei syn papier-masjee skip De Lading Europa troch. Winters sil dat dwaan yn 2018 as Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is. Hy sil mei syn boat ferskate plakken en stêden by del. Winters makke dit plan sneintemiddei bekend op it UIT-festival, de start fan it kulturele seizoen. De keunster krige dêr foar syn projekt mei it skip de kulturele Jan Janszoon Starterpriis fan de gemeente Ljouwert.

Dy priis wurdt útrikt oan minsken of ynstellings dy't wichtich binne foar de podiumkeunsten yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)