SCO begjint seizoen mei winst

31 aug 2014 - 16:11

De kuorballers fan haadklasser SCO út Aldeholtpea binne it nije seizoen útein set mei in 18-14 oerwinning op AW/DTV. Yn Amsterdam gong de striid yn de earste helte lykop. By it skoft socht de ploech fan trainer Aegle Frieswijk de klaaikeamers op by in 8-8 rêststân.

Yn de twadde helte wist SCO út te rinnen nei 12-8. De Aldeholtpeasters lieten dizze foarsprong net mear yn gefaar kommen.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)