UIT-festival lûkt soad folk

Yn Ljouwert kamen snein in soad minsken ôf op it UIT-festival, it begjin fan it kulturele seizoen. It evenemint hjitte ferline jier noch UIT-merk, mar is sa bot groeid dat it no in festival is. Op it festival presintearje tsientallen kulturele ynstânsjes harsels en harren programma foar it kommende seizoen.
It festival begûn om 13.00 oere middeis mei in grutte parade rjochting Prinsetún, it sintrum fan in soad aktiviteiten. De besikers krigen wol wat reinwetter oer harren hinne, mar fierder bleau it de middeis drok en fierhinne droech.
It programma fan it UIT-festival rint troch oant sneintejûn mei live muzyk yn de binnenstêd. De Harmonie meldt dat it goed giet mei de kaartferkeap foar it kommende seizoen; de stedsskouboarch hat yn de foarferkeap foar it kommende seizoen 22% mear kaartsjes ferkocht as it ôfrûne seizoen.