Minnertsgea wint FB Oranjewâld

Chris Wassenaar, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra fan Minnertsgea hawwe sneon yn Dronryp foar de twadde kear op rige de FB Oranjewâld Cup wûn. Yn de finale wie it partoer mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Grou mei Martijn Olijnsma, Alle Jan Anema en Nolke Bergstra. De lytse preemjes wiene foar Simon Zijlstra, Erwin Zijlstra en Pier Piersma fan Easterlittens en foar Bitgum mei Johan van der Meulen, Tjisse Steenstra en Kor Zittema.
By de froulju gong de FB Oranjewâld Cup nei Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma fan Berltsum.
Sy wiene mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Easterlittens mei Jantine Reijenga, Margriet Bakker en Annelien Broersma. De lytse preemjes wiene foar Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra en foar Easterein mei Tineke Dijkstra, Imke van der Leest en Martine Tiemersma.