Fokkema wint autocross Hallum

Gerlof Fokkema fan Aldeleie hat sneon de autocross fan Hallum fûn. Fokkema skreau hjirmei skiednis, want 25 jier earder waard deselde autocross wûn troch syn heit Johannes Fokkema. Fokkema wûn yn de rodeoklasse foar Hein Durk Vellema fan Holwert en Melissa Drost fan Nij Altena.
De Hallumer autocross is de âldste fan Nederlân en luts sneon sa'n 4000 taskôgers. By de cross rekken ferskate koereurs te wetter, mar der rekke net ien ferwûne. Der wiene mear Fryske súksessen op de autocross.
Frysk Kampioen Rients Piersma wie de bêste yn de standaard 1600-klasse, Anske Swart fan Hallum wûn yn de regio HAC1600-klasse en Jelle Hiemstra fan Makkum wûn yn de stockcar F1-klasse.