Slaanderij yn kafee Drachten

31 aug 2014 - 10:58

De plysje hat sneontenacht yn Drachten twa kafeebesikers oppakt nei de mishanneling fan in Rottefalster (20). Ien fan de fertochten, in 21-jierrige man út De Wylp, waard troch meiwurkers fan it kafee oan de Noardkade oan de plysje oerdroegen. De twadde fertochte, in 19-jarige man út de gemeente Zeevang, melde himsels by de plysje.

De twa hiene yn it kafee spul krigen mei de 20-jierrige Rottefalster. Dy rekke ferwûne oan de holle en waard yn it sikehûs behannele. De fertochten hawwe de nacht trochbrocht yn in plysjesel.

Trefwurden: 
mishanneling kafee slaanderij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)