Ingelske Cory Band yn Harmonie

Yn de Harmonie yn Ljouwert wie sneon it earste fan twa Nederlânske konserten fan de wrâldferneamde Cory Band út Ingelân ûnder lieding fan Philip Harper. Oant 2011 sette it muzikale seizoen altyd útein mei it Holland Brass Festival. Brass On Stage wol dizze tradysje no nij libben yn blaze. Dêrby is njonken Eindhoven ek keazen foar in konsert yn Ljouwert, omdat der yn Fryslân in protte leafhawwers wenje.
De Cory Band hat ferline jier ûnder lieding fan Philip Harper it Nasjonaal Kampioenskip fan Ingelân wûn en stiet bekend as fernijend.
De Cory Band jout gauris bysûndere konserten en wurket ek gear mei ferskate komponisten. Omrop Fryslân hat sneon yn de Harmonie opnamen makke fan de wrâldferneamde band. Dy binne de kommende moannen te hearren op it digitale kanaal Koperkanaal.nl, mar it folsleine konsert is no ek al online te hearren.