Stekpartij yn De Hommerts
In 27-jierrige ynwenner fan De Hommerts is sneontenachrt yn syn earm stutsen. De plysje hat in 36-jierrige meibewenner as fertochte oanhâlden. De twa soenen spul krigen hawwe oer in húsgenoat. It slachtoffer draafde, nei't er mei in mes stutsen wie, de dyk op.
Hy is troch ambulânsepersoniel behannele. De fertochte is fan bêd helle en ynsletten.