Uth grutte man tsjin Utrecht

31 aug 2014 - 00:52

SC Hearrenfean wie sneontejûn mei 3-1 te sterk foar FC Utrecht. Oanfaller Mark Uth wie de grutte man. De Dútse oanfaller naam alle doelpunten foar syn rekken. It wiene foar Uth syn earste doelpunten sûnt lange tiid. De lêste 15 kompetysjewedstriden hie hy gjin doelpunt mear makke. 'Dit voelt als een bevrijding', sa wie de reaksje fan Uth. Uth skoarde it earste doelpunt al nei trije minuten. Yn de twadde helte ferdûbele hy de marzje.

Troch in doelpunt fan Willem Janssen waard it noch even spannend, mar úteinlik soarge opnij Uth foar de 3-1.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)