GL wol gegevens REC ynsjen

30 aug 2014 - 16:34

De steatefraksje fan GrienLinks wol dat de mjitgegevens fan de ôffaloven yn Harns iepenbier makke wurde. De fraksje wol ek dúdlikens oer de temperatuer dêr't it ôffal yn de REC mei ferbaarnd wurdt. Neffens GrienLinks binne eardere gegevens net betrouber of sprekke dy inoar tsjin. De fraksje hat earder om iepenheid frege, mar hat dêr neffens fraksjefoarsitter Retze van der Honing net in goed antwurd op krigen.

Van der Honing wol dêrom in petear mei deputearre Sietske Poepjes. By dat petear soene ek saakkundigen en media sitte moatte.

Trefwurden: 
REC Harns ôffaloven GrienLinks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)