Skip mei Friezen om by Fjetnam

30 aug 2014 - 14:56

In selskip fan fjouwer Friezen is tongersdei yn Fjetnam oan de dea ûntkommen. It cruiseskip dêr't se op sieten gie yn in swiere stoarm om. Mei-inoar sieten tolve toeristen, in gids en sân bemanningsleden op it skip, dat yn twa minuten tiid sonk. Se waarden nei in oere yn it wetter lein te hawwen oppikt binne troch oare boaten en oan wâl brocht.

In tal minsken hat lichte ferwûnings oprûn, wol binne se de measte besittings kwytrekke. De maatskippij dy't de boatreis organisearre hat de toeristen in skeafergoeding jûn fan 200 dollar.

It skip wie ûnderweis yn de Ha Longbaai, in bekende toeristyske bestimming yn it noarden fan Fjetnam. Oare toeristeboaten moasten fanwege it ekstreme waar oan wâl bliuwe, mar de boat mei de fjouwer Friezen wie doe al op folle see. Sjoernaliste Margaretha van der Wal (21) fan Feankleaster is ien fan de skipbreukelingen. Sy fertelt op Omrop Fryslân radio dat it skip hiel fluch sonk. Van der Wal is der goed foarwei kaam, mar is wol de measte bagaazje kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)