Freonen runne kas al 10 jier

30 aug 2014 - 13:58
  • De tropyske kas fan Beetstersweach

De feriening Freonen fan de Tropyske Kas yn Beetstersweach bestiet sneon 10 jier. Fia ferskate projekten en mei help fan in soad frijwilligers is it kassekompleks útgroeid ta in grut kultuerhistorysk plak, mei fjouwer kassen en prachtige planten. De hjoeddeiske kas is sa'n 90 jier âld. Guon planten yn de kas binne like âld.

Alle jierren komme der sa'n 3000 besikers yn de kas. Nije frijwilligers binne wolkom, sa seit bestjoerslid Andries Pebesma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)